
Yn dizze podcast fan FNP Súdwest-Fryslân prate listlûker Tjerk Bouwhuis, partikuliere huzebouwer René Feenstra en de ferneamde arsjitekt Sjoerd Soeters oer wenningbou. Hoe kinne jong en âld yn eigen doarp wenjen bliuwe? En hoefolle huzen binne der eins nedich?
Dec 21, 2021
33 min

37 Partijen, mar neat te kiezen!
De earste FNPodcast fan 2021 giet oer de Twadde Keamer ferkiezing. Sijbe Knol, Wouter Wouda en Aant Jelle Soepboer prate yn dit ramt oer ferskate lanlike partijtema´s lykas it Deltaplan foar it Noarden, 75% minder fee, kearnsintrales yn Grinslân en oare grutte saken, mar boppe-al oer de fraach wat der foar Fryslân te kiezen falt.
Yn in lyts healoere spegelje hja de Fryske saak oan jierren fan Haachsk belied en beloften en komme ta in nijsgjirrige konklúzje. Harkje no!
Mar 6, 2021
27 min

Dizze ôflevering giet oer it lânskip en oer buorkjen. Wy sjogge foarút nei de temajûn fan de FNP Súdwest-Fryslân op 27 novimber, dêr’t Ryksboumaster Floris van Alkemade sprekke sil. FNP-Earste Keamerlid Gerben Gerbrandy, arsjitekt Nynke Rixt Jukema en lânboufoarljochter Theo Mulder meitsje jim dêr waarm foar.
Nov 15, 2019
26 min

Wat kin Fryslân dwaan oan it tekoart oan faklju? Corlienke de Jong fan de FNP besprekt yn dizze podcast mei sakkundigen plannen foar in provinsjale oanpak.
— Nederlands
Wat kan Fryslân doen aan het tekort aan vakmensen? Corlienke de Jong van de FNP bespreekt in deze podcast met deskundigen plannen voor een provinciale aanpak.
Mar 19, 2019
24 min

Op 13 maart, de dei fan it nijs oer it klimaatakkoart, spruts FNP-steatelid Sybren Posthumus mei de saakkundigen Tsjeard Hofstra fan Urgenda en mei de ferneamde miljeu-amtner Bouwe de Boer.
— Nederlands
Op 13 maart, de dag van het nieuws over het klimaatakkoord, sprak FNP-statenlid Sybren Posthumus met de deskundigen Tsjeard Hofstra fan Urgenda en met de beroemde milieu-ambtenaar Bouwe de Boer.
Mar 14, 2019
25 min

Yn dizze FNPodcast praat listlûker Johannes Kramer mei partijgenoaten dy’t kritysk binne oer omskeakeljen nei folslein biologysk buuorkjen.
— Nederlands
In deze FNPodcast spreekt lijsttrekker Johannes Kramer met partijgenoten die kritisch zijn over omschakelen naar volledig biologisch boeren.
Mar 11, 2019
24 min

Dizze ‘FNPodcast’ giet oer jo memmetaal. FNP’er en skoallehaad Chris van Hes praat mei soarchûndernimmer Petra Dol fan Stienzerhiem en Gerard de Jong fan de Bildtse Post.
— Bildts
Lúster na deuze podcast over 't brúkken fan je aigen taal. Met o.â. skoaldirekteur Chris van Hes, sorgondernimmer Petra Dol fan Stienzerhiem in Stiens, en Gerard de Jong fan de Bildtse Post.
— Nederlands
Luister naar deze podcast over het gebruik van je eigen taal. Met onder andere schooldirecteur Chris van Hes, zorgondernemer Petra Dol Van Stienzerhiem in Stiens en Gerard de Jong fan de Bildtse Post.
Presentatie: Jan Arendz
Productie: Alec Meijerink
Feb 20, 2019
23 min

Yn dizze ‘FNPodcast’ besprekt FNP-fraksjefoarsitter Corlienke de Jong de útdagings fan de Fryske korpsen mei belutsenen út ’e wrâld fan de ‘Hafabra’.
-- Nederlands
In deze ‘FNPodcast’ bespreekt FNP-fractievoorzitter Corlienke de Jong de uitdagingen van de Friese korpsen met betrokkenen uit de wereld van de ‘HaFaBra’.
Presentatie: Jan Arendz
Productie: Alec Meijerink
Feb 4, 2019
22 min
