
It festivalseizoen sit der hast alwer op, mar wy nimme yn dizze lêste podcast de hichtepunten troch fan de ôfrûne podcasts.
Sep 3, 2016
26 min

Wy nimme jimme mei yn psychedelyske sfearen en pakke de podcast krekt wat oars oan, genietsje en lit je meinimme troch de muzyk.
Aug 27, 2016
24 min

Part-time viking Signe-Sanne skoot by ús oan om it oer it Imaginarium Festival te hawwen. Dit kear giet it net allinne om 'e muzyk, mar ek om oare optredens.
Aug 20, 2016
34 min

Wy gean mei metalhead Melle om tafel wat er no sa moai oan metal fynt en wat wy checke moatte op Into the Grave.
Aug 13, 2016
27 min

Wy jouwe jimme in foarpriuwke fan it popfestival De Veenhoop mei booker Johan Koster. Wat kinst no ferwachtsje fan de 65ste edysje fan De Veenhoop en hoe spitich is it dat Normaal net mear dêr optrede sil? Do hearst yn dizze podcast.
Jul 29, 2016
24 min

Wy jouwe jimme in foarpriuwke fan it indie pop festival Welcome to the Village mei muzykprogrammeur Peter Dijkstra. Wat meist no echt nét misse op Welcome to the Village en hokker band wol Peter graach sjen?
Jul 16, 2016
27 min

Middenyn 'e greide is FarmFest, wêr elkenien genietsje kin fan in kombinaasje fan country, rock & dance muzyk.
Jul 9, 2016
26 min

Relaxe mei in drankje en noflike dûnsmuzyk, dat is Beachrockers Festival.
Jul 2, 2016
25 min

Wy jouwe jimme in foarpriuwke fan it metalfestival Dokk'em Open Air mei die-hard metalfan Aant Jelle Soepboer. Wat meist no echt net misse op Dokk'em en wat is syn ultime metal nûmer.
Jun 25, 2016
25 min
